Frysk populêr yn Flensburg

© Omrop Fryslân
De stúdzjerjochting Frysk oan de Dútske Universität Flensburg hat te krijen mei topdrokte. Der binne op it stuit acht studinten dy't it hiele program foar Frysk folgje, en sa'n fyftich byfakkers.
Der binne sels âlderejiers frege om kursussen te jaan om't dosinten de fraach net oan kinne. Dat komt om't studinten fan oare stúdzjes by Frysk fakken dogge en dêr punten foar krije kinne.