Minder mei drank achter stjoer

© Omrop Fryslân
Friezen krûpe hieltyd minder faak mei in slokje op achter it stjoer. De automobilisten witte troch it ferkearsfeilichheidsprojekt Fryske Diken dat it gefaarlik is om mei drank op te riden.
Yn ferliking mei de rest fan it lân wurdt yn it noarden minder mei alkohol op riden. Dat komt nei foaren út in lanlik ûndersyk fan de plysje. Yn de Rânestêd ride mear lju mei drank op.