Boeteclausule út it kontrakt

© Omrop Fryslân
Der is oerienstimming berikt oer it skrassen fan de swijplicht yn de kwestje fan de Ljouwerter boargemaster. Fan de geheimhâldingsclausule yn de ûntslachoerienkomst wolle beide partijen ôf.
De boete wurdt út it kontrakt helle. By it riedsdebat moandeitejûn waard noch sein dat Van Maaren oan de swijplicht fêsthâlde woe. Tiisdei binne de partijen it iens wurden.