Argewaasje oer útspraken Peper

29 okt 2001 - 00:00

Gemeenteriedslid Hindrik ten Hoeve is min te sprekken oer de útspraken fan âld-minister Bram Peper. Neffens Peper leit de skuld foar it konflik mei Van Maaren by de Ljouwerter wethâlders.

"Ik haw Peper hjir noch noait sjoen", seit Ten Hoeve. Ald-wethâlder Ap Timmermans mient dat Peper 'net objektyf' foar Van Maaren oer wie doe't se sollisitearre as boargemaster fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)