'Krisis kostet stêd bedriuwen'

© Omrop Fryslân
De bestjoerskrisis om boargemaster Van Maaren hinne kostet Ljouwert mooglik nije bedriuwen. Dat seit Menno Bakker fan 'e Stichting Promotie Leeuwarden.
Neffens Bakker is it byld dat ûndernimmers de lêste tiid fan Ljouwert krigen hawwe slim negatyf. De kâns is dêrtroch grut dat guon no in oare kar meitsje foar de festiging of oars in beslút ta festiging útstelle.