Rapport oarsaak krisis Ljouwert

© Omrop Fryslân
In geheim hâlden rapport oer de gemeentlike belestings wie trochslachjaand foar de boargemasterskwestje yn Ljouwert. Dat skriuwt de Volkskrante. De ynhâld fan it rapport soe ferneatigjend wêze oer de organisaasje fan de belestingen. Van Maaren woe it rapport iepenbier ha, de wethâlders woene it ûnder de pet hâlde.
Dat soe it konflikt tusken boargemaster en wethâlders op skerp set ha.