De Boer mar tydlik boargemaster

© Omrop Fryslân
Ald-minister Margreeth de Boer wol har politike karriêre ôfslute yn Ljouwert. Sy sil oant july takom jier waarnimmend boargemaster wêze. Dêrnei wurdt in nije boargemaster beneamd.
De Boer, dy't 62 jier is, sil net sollisitearje op de funksje, sa hat se sneon bekend makke. Se wie earder minister fan VROM en kommissaris fan 'e Keninginne yn Drinte.