Ekstra stipe Noardeast Fryslân

© Omrop Fryslân
Noard-East Fryslân krijt ekstra stipe fan de provinsje om de leefberens yn it gebiet te fergrutsjen. Freedtemiddei is it projektburo foar plattelânsûntwikkeling yn Eanjum iepene.
It buro wol ynwenners mei goede ideeën begeliede by de útfiering fan de lannen en by it oanfreegjen fan subsydzjes. Deputearre Jansen hat tasein dat it gebiet ekstra jild krijt fanwege de tongblier.