Margreeth de Boer waarnimmer
PvdA-Twadde Keamerlid Margreeth de Boer út Zeijen is troch Kommissaris Nijpels oanlutsen as waarnimmend boargemaster yn Ljouwert. De Boer wie earder Kommissaris fan 'e Keninginne yn Drinte en Minister fan Miljeu.
Nijpels hopet troch it fluch beneamen fan in betûft waarnimmer in ein te meitsjen oan de bestjoerskrisis yn de gemeente Ljouwert.