Avensearje mei nij sintrum
De gemeente Harns moat opsjitte mei de plannen foar de bou fan in multyfunksjoneel sintrum. De húsfesting oan de Midlumerleane wurdt rap minder: it dak lekt en der binne mûzen en kakkerlakken. It nije pân moat yn 2003 klear wêze.
Foar dy tiid prate gemeente en sosjaalkultureel wurk Rondeel oer it oplossen fan de problemen mei it hjoeddeistige ûnderkommen.