Gebou Jehova's wer fernield

© Omrop Fryslân
It gebou fan de Jehova's tsjûgen yn Ljouwert is foar de sechsde kear doelwyt wurden fan fernielerij. Alle kearen is der oanjefte dien by de plysje, mar dy hat oant no ta de dieders noch net fûn.
Sa binne de ruten fan it gebou oan de Noarderwei al ferskate kearen ynsmiten. Neffens de behearder fan it gebou wolle de dieders allinnich mar yn it nijs komme en ha se neat tsjin Jehova's tsjûgen.