Man oerlibbet fal fan 12 meter
In 20-jierrige man fan De Like hat woansdeitemoarn yn Drachten in fal fan 12 meter oerlibbe. De man wie dwaande mei it fêstmeitsjen fan befeiligingsbuizen by in flat yn oanbou.
Ien fan de buizen foel nei ûnderen en luts de man mei. It slachtoffer kaam yn in sleat telâne en dat hat him nei alle gedachten it libben rêden. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.