Protesten fan Ajax-fans

24 okt 2001 - 00:00

SC Hearrenfean hat 500 protestmailtsjes binnenkrigen fan Ajax-supporters. De Amsterdammers spylje woansdei tsjin de Friezen, mar it supportersfak bliuwt leech. De beskikbere kaarten wurde út protest net ferkocht om't Ajax fûn dat der te min kaarten wienen.

Op ynternet dienen supporters de oprop om nei it noarden te gean. De Fryske klub ferwachtet gjin grutte tarin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)