Lokale omrop Oskar hat it dreech

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear lokale omroppen ha muoite om de holle boppe wetter te hâlden. Dit hat te krijen mei strangere regels en tekoart oan frijwilligers en jild.
Ek Oskar, de lokale omrop fan Skarsterlân, hat it dreech. It fuortbestean fan Oskar stie koartlyn faai, omdat men net genôch jild hie om de rekkens te beteljen. De gemeente hat doe finansjele stipe jûn. Oskar is hjir ôfhinklik fan.