Fêste eksposysje boaiemfynsten

© Omrop Fryslân
Kommend wykein wurdt yn Lippenhuzen in permaninte eksposysje fan boaiemfynsten iepene. It giet om fynsten fan Leo Kooistra, dy't al mear as 20 jier lang mei in metaaldetektor de grûn fan Fryslân ôfsiket.
Dat hat resultearre yn bysûndere fynsten lykas in saneamd deademasker. Ek oare detektorfanaten kinne har skatten útstalle yn Lippenhuzen.