PvdA wist net fan fetorjocht

23 okt 2001 - 00:00

De PvdA yn Littenseradiel is fernuvere oer it feit dat it haadkantoar fan NUONWetter út Ljouwert ferdwynt. B&W hat de PvdA nea op de hichte steld, sa skriuwt de partij yn in brief oan B&W.

De gemeenteried wist net fan it fetorjocht fan de kommissarissen. Wethâlder Willemsma moat no opheldering jaan, fynt de PvdA. It haadkantoar fan NUON ferdwynt fanwege in fúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)