Tekoart meunsternimmers CR-Delta

© Omrop Fryslân
CR-Delta op it Hearrenfean hat in grut tekoart oan meunsternimmers. Tidens de tongblierkrisis kaam in part fan de meunsternimmers sûnder wurk te sitten. Yntusken ha dizze minsken oar wurk fûn. Yn de regio noard binne no 60 fakatures. Benammen yn súdwest- en noardeastFryslân is de fraach grut.
CR-Delta is in organisaasje foar molkekontrôle en keunstmjittige ynseminaasje.