Poeierbrief by Cambuur
By de administraasje fan fuotbalklub Cambuur is moandei in brief mei wyt poeier besoarge. Ut ûndersyk by ID Lelystêd die bliken dat it om in ûnskuldich poeier giet. De brief waard troch in ûnbekende op de baly lein. De administraasje is no wer iepen.
De fuotbalwedstriid Cambuur 2 tsjin Heracles 2 koe moandeitejûn gewoan trochgean.