Friezen kampioen by country line

© Omrop Fryslân
Cathy Drijver fan Harns is sneon Nederlânsk kampioene country line dancing wurden. Se sit op it op ien nei heechste nivo, it saneamde 'intermediate'. Ferline jier waard se noch kampioene op it nivo dêrûnder, it 'novice'.
Nynke de Kroon fan Aldegea (G.) wie dit jier earste op dat nivo. Johan Kieftenburg waard earste by de manlju. By de kampioenskippen wurde fêste dûnsen dien.