Strontrace út ein set

© Omrop Fryslân
Yn de Warkumer haven is moandei de 28e Strontrace út ein set. Dit jier dogge njoggen tradisjonele skippen mei oan de race fan Warkum nei Wardom en werom. Foar takom jier binne der al mear tasizzings fan dielnimmers.
Ek al is it tal dielnimmers net grut, de geselligens by de start wie der net minder om. Nei ferwachting komme de skippen woansdeitenacht werom yn Warkum.