Nij bedriuweterrein by Jirnsum

22 okt 2001 - 00:00

De gemeente Boarnsterhim wol de kommende jierren in nij bedriuweterrein by de grutte dyk by Jirnsum ûntwikkelje. Neffens boargemaster Dijkstra is dat needsaaklik om de útwreiding fan besteande bedriuwen op te fangen.

Ien en oar docht bliken út de struktuervyzje 2015 fan de gemeente. De arsjitektuer fan it nije bedriuweterrein sil fan in hege kwaliteit wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)