Fjirtjin man op strjitte

22 okt 2001 - 00:00

By it bedriuw Holtrop & Jansma yn Dokkum komt hast in fyfde part fan de meiwurkers op strjitte te stean. Ynkoarten moatte 14 fan de 77 personeelsleden in oare baan sykje. Dat komt om't guon klanten in ynvestearingsstop ha.

De fakbûnen prate mei de ûndernimmingsried en direksje oer in sosjaal plan. Holtrop & Jansma makket filter- en ôfsûchsystemen foar de yndustry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)