Jorritsma wer twadde op VVD-list

© Omrop Fryslân
Fise-premier Annemarie Jorritsma fan Boalsert is twadde op de VVD ûntwerplist foar de Twadde Keamerferkiezings. Aldkommissaris Loek Hermans fan Beetstersweach stiet op it fyfde plak.
Jorritsma en Hermans binne de iennichste 'Friezen' op de VVD-list, dy't fierder net folle ferrassingen befettet. As Jorritsma en Hermans wer minister wurde sit der gjin Fries yn 'e fraksje.