Rhinofirus by fokker Ferwâlde

06 mrt 2012 - 16:09

By in hynstefokker yn Ferwâlde is koartlyn it rhinofirus opdûkt. Dat soarge by twa merjes foar abortussen. Der is de lêste tiid in soad opskuor oer it besmetlike firus.

Dat komt foaral omdat der yn it suden fan it lân in fariant fan it rhinofirus aktyf is dêr't hynders oan stjerre. Yn Ferwâlde gie it lykwols om wer in oare fariant. De besmetting is twa moanne lyn ûntdutsen. Sûnt dy tiid binne der gjin nije syktegefallen bykaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)