Uteinrock lûkt goed tûzen man

21 okt 2001 - 00:00

It Uteinrock-festival yn Frjentsjer luts sneontejûn meas as tûzen minsken. Dy seagen ûnder oaren in folslein Frysktalich optreden fan De Kast. Syb van der Ploeg song ferskate bekende nûmers as 'De ideale frou' en 'Alles fan my' foar it earst yn it Frysk.

Njonken De Kast wie it Bretonske EV ien fan 'e hichtepunten fan 'e jûn. Fierder spilen de bands Ramsk en Reboelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)