Elly en Rikkert yn it Frysk

© Omrop Fryslân
Der komt in CD mei Fryske berneferskes fan it duo Elly en Rikkert Zuiderveld. Bernekoar Fredoza út Kollum wurket ek mei oan de CD, dy't nei alle gedachten begjin takom jier útkomt.
Goed 20 ferskes fan Elly en Rikkert wurde oerset yn it Frysk. Yn it ramt fan it jier fan de talen wurdt besocht om subsydzje te krijen. Der wurdt mooglik ek noch in berneboek fan Elly oerset.