Slutingstiid hoareka Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Yn Dongeradiel moat in brede diskusje fierd wurde oer de slutingstiden fan de hoareka. Dat stelle boargemaster en wethâlders foar oan de gemeenteried.
Op it stuit moatte terrassen om 11 oere jûns ticht wêze. B&W wolle de tiden wol ferromje. Ek de hoareka sels en de plysje binne dêr wol foar. Yn it ferline is der al faak praten oer de slutingstiden.