Plysje wol mear dwaan oan miljeu

19 okt 2001 - 00:00

De plysje fynt dat se te min takomt oan it hanthavenjen fan miljeuwetten. De plysje hat dêrfoar net genôch minsken en miljeu hat in lege prioriteit.

Om wat oan dizze sitewaasje te dwaan ha freed sa'n twahûndert plysjes praat oer de 'griene taak'. Neffens kommissaris Nijpels moat de plysje mear help krije fan oare ynstânsjes, lykas it Fryske Gea en Natuurmonumenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)