Wilpstra waarnimmer yn Opsterlân

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels hat freed Bote Wilpstra beëdige as waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. Wilpstra (D66) folget Cornelis op, dy't nei Gouda gien is. Wilpstra wie earder waarnimmer op it Amelân. Syn lêste 'gewoane' gemeente wie Zuidlaren yn Drinte.
De ried fan Opsterlân woe graach in waarnimmend boargemaster fanwege de kontinuïteit fan it bestjoer.