Gysbert Japicxpriis útrikt

© Omrop Fryslân
Tongersdei is yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis útrikt oan dichter Tsjebbe Hettinga. It is foar it earst yn 15 jier dat in dichter dizze wichtige Fryske literatuerpriis kriget.
Hettinga hat de priis krigen foar syn dichtbondel 'Fan oersee en fierder'. Hy is priizge omdat syn wurk neffens de sjuery mei kop en skouders boppe dat fan de oare gadingmakkers útstekt.