Brief oer bom ûnder diereklinyk

18 okt 2001 - 00:00

De ynwenners fan de Ljouwerter wyk Bilgaard en de minsken dy't yn de omkriten fan de Jelsumerdyk wenje krije nije wike in brief fan de gemeente. Yn de brief stiet wat der barre sil mei de bom ûnder de diereklinyk oan de Jelsumerdyk.

Yn juny dit jier waard bekend dat der in 500-ponder út de oarloch ûnder de grûn leit. De bom sil noch foar de ein fan dit jier demontearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)