Rasisme motyf brân Skeakelklasse

© Omrop Fryslân
It is in skok foar leararen en direksje fan de Ynternasjonale Skeakelklasse yn Drachten, dat rasisme it motyf west hat foar de brânstifting op 17 septimber. Tiisdei hat justysje bekend makke dat de brân oanstutsen is troch 3 manlju, út lilkens oer de oanslaggen yn Amearika.
Woansdei binne de 230 learlingen op de hichte brocht. Ferwachting is dat it nijs in soad eangst feroarsaakje sil.