Ljouwert gjin netwurkstêd

18 okt 2001 - 00:00

As Ljouwert dochs de status fan netwurkstêd krijt, sil minister Pronk him dêr net tsjin fersette. Dat sei er woansdei tsjin de Fryske bestjoerders. Hy sil him lykwols net ynspanne om de haadstêd dy status te jaan.

Pronk sjocht gjin oanlieding om Ljouwert oanslute te litten by de kombinaasje Assen-Grins. Ljouwert soe der lykwols finansjeel net op achterút gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)