Twa skoallen yn ien gebou

17 okt 2001 - 00:00

Twa skoalmienskippen yn ien gebou, sûnder dat der sprake is fan in fúzje. Dat is it gefal op De Jouwer. It iepenbere Sevenwolden en kristlike Bornego sitte yn in nij gebou dat woansdei iepene is.

Elke skoalle hat syn eigen fleugel. Yn de midden binne sân lokalen dy't se mienskiplik brûke, lykas gymnastykseal en muzyklokaal. Yn de aula wurde de bern skieden troch in muorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)