Wethâlder Siegers komt net werom

© Omrop Fryslân
Wethâlder Siegers-Wijma fan de gemeente Tytsjerksteradiel stelt har net op 'e nij beskikber foar de funksje nei de ferkiezings takom jier. Se stapt dan ek út de ried.
De 56-jierrige CDA-wethâlder wol graach mear tiid foar harsels hawwe. Se hat fjouwer jier wethâlder west fan wolwêzen, sosjale saken en sport en siet dêrfoar acht jier yn de ried.