Basisfoarming moat wer oars

17 okt 2001 - 00:00

De basisfoarming yn it fuortset ûnderwiis moat wer oars. Steatssekretaris Adelmund nimt it plan fan de ûnderwiisrie oer: fan 15 fakken no geane de skoalbern de earste trije jier fan de middelbere skoalle werom nei 8 fakken.

De bern kinne boppedat wer op fjouwer ferskillende nivo's wurkje. No sitte alle bern op ien en itselde nivo. Skoallen reagearje net bot ferrast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)