Gemeente past Zwettebrêge oan

© Omrop Fryslân
De spoarbrêge nei de Hindrik Algrawei moat ferhege wurde foar frachtferkear. Dat hat te krijen mei de ôfsluting fan de Lorentzkade, dat in trochgeande dyk troch it sintrum is nei it easten fan de stêd. Dat bart om't de omwenjenden gek wurde fan frachtweinen dy't dêr alle twa minuten foarby komme.
Mooglik wurdt de Algrawei noch fierder oanpast om't der in skerpe bocht yn sit.