Agrarysk natuerbehear wurket net

16 okt 2001 - 00:00

It saneamd 'agrarysk natuerbehear' wurket net. De bedoeling hjirfan is dat boeren op de natuer passe en dat benammen greidefûgels as de ljip en de skries hjirfan profitearje kinne.

Ut ûndersyk fan de universiteit fan Wageningen docht bliken dat der minder greidefûgels foarkomme op stikken lân dy't ûnder agrarysk natuerbehear falle. Dit komt omdat dêr minder fretten is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)