Priis foar Tytsjerksteradiel

15 okt 2001 - 00:00

Beammen ha in goed plakje yn Tytsjerksteradiel. De gemeente is útroppen ta beamfreonlikste gemeente fan Nederlân. De Bomenstichting út Utert hat de gemeente dêrfoar in sertifikaat útrikt.

De sjuery keas foar Tytsjerksteradiel boppe De Haach. Trochslach joech it feit dat it foar in plattelânsgemeente dreger is om in goed beammebelied der op nei te hâlden as in grutte stêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)