Wer skieppemerk yn it FEC

15 okt 2001 - 00:00

It FEC yn Ljouwert hâldt tiisdei wer in feemerk, foar skiep. It is de earste merk yn acht moanne. Sûnt de tongblierkrisis moatte feemerken oan strange easken foldwaan.

Om de merk yn de takomst hâlde te kinnen en te foldwaan oan alle easken moat der twa miljoen ynvestearre wurde. Dat jild is nedich foar maatregels om fersprieding fan tongblier foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)