'Hawaiaanske' KNSB-maraton

14 okt 2001 - 00:00

Peter de Vries fan Oranjewâld is sneon twads wurden op de KNSB-maraton yn Amsterdam. De earste wedstriid fan it seizoen waard 'yn Hawaiaanske sfear' ferriden. It wie wol 20 graden op de Jaap Eden-bûtenbaan.

Favoryt Jan Maarten Heideman stapte nei in kertier fan it iis. Miel Rozendaal wûn de race. De Friezen Bert Jan v/d Veen en Ruud Borst prestearden net min.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)