Brânoefening op 'e Gordyk
Freedtejûn is yn kultureel sintrum De Skâns op 'e Gordyk in grutte brânoefening hâlden. By de foarstelling fan de Tsjechyske blaaskapel Sohajka bruts sabeare brân út. Der wiene 500 besikers dy't yn koarte tiid it gebou ferlitte moasten. Foar sawol De Skâns as de brânwacht wie it de earste kear dat der sa'n grutte oefening hâlden waard.