Poppenwier trefpunt feekeaplju

12 okt 2001 - 00:00

Fryske boeren en feekeaplju dy't inoar eltse freed tsjinkamen op 'e Ljouwerter feemerk, hawwe in alternatyf betocht. Se kinne inoar no moetsje yn doarpshûs De Trilker yn Poppenwier. It giet om in inisjatyf fan Jelle Bouma(80).

Neffens Bouma misse in soad boeren har sosjale kontakten no't der gjin feemerk mear is. De moetings wurde troch tsientallen boeren en feekeaplju besocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)