Roelof Bos wurdt amtner

© Omrop Fryslân
Roelof Bos hat in nije baan. De eardere sekretaris fan de fakgroep molkfeehâlderij fan de NLTO wurdt beliedsmeiwurker lânbou en miljeu by de provinsje.
Bos, dy't de lêste tiid faak yn it nijs wie by de tongblierkrisis, hat tsien jier by de NLTO wurke. Heal novimber begjint er mei syn nije baan. It is tongersdei in healjier lyn dat de tongblier yn Fryslân, yn Ie, ûntdutsen is.