Burnout oars oanpakke

11 okt 2001 - 00:00

Burnout moat mienskiplik oanpakt wurde troch GGZ en bedriuwsdokters. Op de dei fan it begjin fan de kampanje 'gek op je werk' waard it nije gebou fan de GGZ woansdei yn Ljouwert iepene.

Doel is om yn in ier stadium wurknimmers nei gedrachsterapy te stjoeren. Dat soe mear tiid besparje as de rêst dy't no faak advisearre wurdt oan minsken dy't it te drok ha op it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)