Menameradiel bringt musical

11 okt 2001 - 00:00

It Iepenloftspul Menameradiel komt takom jier mei de musical Eindeloos. Dat makke de organisaasje woansdei bekend yn Dronryp. De musical wie fjouwer jier lyn mei Liesbeth List yn de Nederlânske teaters te sjen.

Gerrit Hoekstra fan Winsum fersoarget de Fryske bewurking. Janneke Bergsma docht de rezjy. De premiêre stiet pland foar 12 juny oan de Haven yn Dronryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)