2,6 miljoen nedich foar skoallen
De provinsje seit 2,6 miljoen gûne ekstra nedich te hawwen foar it fuortwurkjen fan ûnderwiisefterstannen op de Fryske skoallen. Der is in plan fan oanpak yntsjinne by it ministearje fan Underwiis.
Ut in ûndersyk fan de Fryske Akademy yn Ljouwert hat bliken dien dat der op de skoallen yn Fryslân in efterstân is, yn fergeliking mei de rest fan Nederlân.