Ek Yndonesië-reis skrast

© Omrop Fryslân
Reisburo Het schone streven út Ljouwert hat in reis nei Yndonesië ôfsein. Yndonesië is it grutste moslimlân fan 'e wrâld. In soad Yndonesiërs binne lulk op Westerlingen fanwege de oanfallen op Afghanistan. Op dit stuit wurde bûtenlanners yn Yndonesië bedrige en harren besittings fernield.
It reisburo hat op dit stuit sa'n 300 klanten yn Yndonesië.