Strânhúskes meie echt net

09 okt 2001 - 00:00

De strânhúskes op Flylân binne definityf net tastien. Dat hat de gemeenteried moandei besletten. Fan it maitiid wienen der trije mobile strânhúskes pleatst, as proef. Dy moasten al gau wer fuort om't der gjin fergunning foar wie.

De VVD wie altyd al tsjin. De PvdA, dy't earder foarstanner wie, kaam werom op syn beslút om't der ûnder de eilanners gjin draachflak foar de bou wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)