Van Pelt net werom as wethâlder

© Omrop Fryslân
Van Pelt, wethâlder fan de gemeente Smellingerlân, mei fan it bestjoer fan syn partij, de VVD, nei de ferkiezings net weromkomme as wethâlder. It bestjoer fynt him te âld en fûn dat syn liberale gesicht net dúdlik nei foaren kaam.
Yn it ferline hat der wolris friksje west tusken Van Pelt en de VVD-fraksje. Se wienen it net altyd eins oer it te fieren belied.